"Spitich dat it Frysk net opnaam is yn it CDA-partijprogram"

Wethâlder Harry van der Molen fan Ljouwert fynt it spitich dat it Frysk net opnaam is yn it partijprogramma fan it CDA. Van der Molen stiet op nûmer acht fan de kandidatelist fan it CDA, en dêrmei is er sa goed as wis fan in sit yn de Twadde Keamer.
Hy ferwachtet dat de Fryske CDA-ôfdieling noch wol in amendemint ynstjoere sil, om de posysje fan it Frysk yn it programma te krijen. It is offisjeel noch in konsept-programma, dus it kin noch wizige wurde.