UPDATE: Ofslútdyk rjochting Fryslân wer iepen nei ûngelok

De Ofslútdyk rjochting Fryslân is wer iepen nei it ûngelok fan woansdeitemiddei. By it ûngelok wiene in frachtwein en in persoane-auto belutsen. Dêrby is in automobiliste swierferwûne rekke en yn kritike tastân nei it sikehûs brocht. De frachtwein ferfierde kij. De kij binne oerladen yn in oare frachtwein, de frachtwein kin no burgen wurde.
Op de Ofslútdyk stie troch de botsing in file fan 7 kilometer. It ferkear rjochting Fryslân waard oanret om om te riden fia de A8, A10, A1 en de A6.
Ynsletten ferkear op de Ofslútdyk waard ûnder begelieding fan de plysje werom laat nei Den Oever. De dyk rjochting Fryslân wie oant 20:00 oere ticht foar ferkear.