Restauraasje oan de toer fan Kollumersweach is hast klear

It restauraasjewurk oan de toer fan Kollumersweach is sa goed as klear. De toer, foar in part noch út de 12e iuw, stiet sûnt septimber yn de stegers.
Under oaren it lossittende foech- en mitselwurk is ferfongen. Fierders binne nije galmbuorden oanbrocht en hat de toer in nije souderflier krigen. Ek de bliksembefeiliging is oanpakt en de wizerplaat is fernijd.
It slotstik fan de restauraasje komt freed: dan wurdt de gouden wizer werom pleatst op de toer. Dêrnei wurdt de steger ôfbrutsen. Der moat noch wol wat oan de fundearring dien wurde.
De opknapbeurt fan de toer fan Kollumersweach hat 23.000 euro koste.