Wêr binne keunstgersfjilden yn Fryslân?

Keunstgers © Henk Bootsma
Oeral yn Fryslân lizze keunstgersfjilden dy’t mei rubberkerrels ynstruid binne. Dêroer is nei de útstjoering fan Zembla fan ferline wike in soad ûnrêst ûntstien. De swarte kerrels soenen kankerferwekkende stoffen befetsje.
Yn de útstjoering sizze wittenskippers dat it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) noait goed ûndersocht hat oft kankerferwekkende stoffen yn it saneamde rubbergranulaat yn it lichem fan sporters komme kinne. Hoefolle fan sokke fjilden binne yn Fryslân oanlein en wêr binne se te finen?
Unrêst
Alden freegje har ôf oft har bern noch wol feilich fuotbalje kinne, fuotbalferieningen wrakselje der mei watfoar maatregels oft se nimme moatte en politike partijen stelle der fragen oer.
Undersyk
It RIVM sil mei fuotbalbûn KNVB ûndersyk dwaan. Fan 50 oant 100 fjilden wurde meunsters nommen. De resultaten dêrfan wurde ein dit jier ferwachte. Foarearst is it advys fan it folkssûnensynstitút om bern net boartsje te litten mei de kerrels op keunstgersfjilden. Ek wurdt oanret om nei it sporten te dûsen en skjinne klean oan te dwaan.
Maatregels
Fuotbalklups nimme no al maatregels, se brûke de keunstgersfjilden foarearst net of litte
jonge spilers net mear op keunstgers spylje. De Ljouwerter fuotbalklups ha woansdeitejûn spoedoerlis mei de gemeente oer de kwestje.
In oersjoch
Hast alle Fryske gemeenten ha keunstgersfjilden mei rubberkerrels. Yn fiif gemeenten binne net sokke fuotbalfjilden: Kollumerlân, Skiermûntseach, Flylân en de beide Stellingwerven.
De gemeenten op in (alfabetysk) rychje:
Achtkarspelen: 3 fjilden (Bûtenpost, Surhústerfean, De Harkema)
Amelân: 1 fjild (Buren, Geel Wit wachtet mei ynstruien op neier ûndersyk)
It Bilt: 2 fjilden (Sint-Anne, Minnertsgea)
Dantumadiel: 3 fjilden (Damwâld, De Westereen)
Dongeradiel: 2 fjilden (Easternijtsjerk, Dokkum)
Ferwerderadiel: 3 fjilden (Hallum, Blije, Burdaard)
Frjentsjerteradiel: 2 fjilden (Frjentsjer, Seisbierrum)
De Fryske Marren: 2 fjilden (De Jouwer, Aldehaske)
Harns: 4 fjilden
Hearrenfean: 4 fjilden (It Hearrenfean, Nijhoarne, Tsjalbert)
Kollumerlân: 0
Ljouwert: 14 fjilden
Ljouwerteradiel: 2 fjilden (Stiens, Jelsum/Koarnjum)
Littenseradiel: 1 fjild (Easterein)
Menameradiel: 3 fjilden (Berltsum, Dronryp/Menaam, Deinum)
Eaststellingwerf: 0
Opsterlân: 4 fjilden (Beetstersweach, Bakkefean, Lippenhuzen, De Gordyk)
Skiermuontseach: 0
Smellingerlân: 6,5 fjilden: (Drachten, De Pein, De Rottefalle)
Súdwest-Fryslân: 12 fjilden (Snits, Arum, Wytmarsum, Makkum, Warkum, Drylts, Boalsert)
Skylge: 1 fjild (Midslân)
Tytsjerksterdiel: 3 fjilden (Hurdegaryp, Burgum, Oentsjerk)
Flylân: 0
Weststellingwerf: 0
Kuorbal
Guon oare sporten ha ek keunstgersfjilden, mar hockeyfjilden binne mei sân of semy-sân/semy-wetter opfolle en hast alle kuorbalfjilden binne mei sân ynstruid. Op guon plakken ha kuorbalklups wol rubber-ynstruide fjilden. Dat is yn Bûtenpost, Ljouwert, Deinum, De Pein (Sm.), Snits, De Harkema.