Fjoertoer Warkum is moai restaurearre

De restauraasje fan de fjoertoer fan Warkum is krekt op tiid klear. De fjoertoer en de wenning derby wiene hurd ta oan in opknapbeurt. Der sieten skuorren yn de muorren en in diel wie oan it fersakjen. Yn april dit jier wie der genôch jild ynsammele en koe de restauraasje fan start.
No, in healjier letter, is de fjoertoer klear. Krekt op tiid want de strontrace fynt kommend wykein plak. Mei dit evenemint spilet de fjoertoer in belangrike rol. Foar it earste skûtsje dat werom komt fan de race wurdt it fjoer op de toer oanstutsen.
De restauraasje hat goed 250.000 euro koste.