Drokte foar plysje op It Hearrenfean

© ANP
De plysje op It Hearrenfean hat tiisdei in bestjoerder fan de dyk helle, dy't al 13 jier sûnder jildich rydbewiis ried. De man krige in bekeuring. De bestjoerder fan in scooter dy't mei mear as 70 kilometer oer de dyk ried krige in boete fan 120 euro. De scooter moat oanpast wurde, wêrnei't dizze opnij keurd wurdt.
In begjinnend bestjoerder waard oanhâlden nei't er mei hege snelheid oer de Alde Feanskieding en Kattebosk ried. Der sitte skoallen oan de strjitte.
In automobilist dy't de Van Dekemaleane as boartersplak brûkte troch al slingerjend oer de dyk te riden krige ek in boete.