Subsydzje foar ferfilming Stellingwerver boek

It gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Stellingwarver Schrieversronte krijt in subsydzje fan 12.500 euro fan de provinsje om it jeugdboek 'Daor klept de klokke weer' te ferfilmjen. Dat boek giet oer de skiednis fan de striid om frijheid yn de Stellingwerven en de rest fan Fryslân yn de 16e iuw.
It boek en de film sille brûkt wurde as lesmateriaal foar it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis yn de Stellingwerven. Doel is om jongeren mear oer de de skiednis en taal fan de Stellingwerven te learen en harren entûsjast te meitsjen foar harren kultuer.