Ljouwerter (17) mishannelet plysje-agint

Oanhâlding © ANP
De plysje hat tiisdei efter it stasjon fan Ljouwert in 17-jierrige Ljouwerter oanhâlden om't hy mooglik in wapen by him hawwe soe. Doe't aginten him fûillearje woenen, wegere de jonge mei te wurkjen en skopte er in plysjemeiwurker tsjin de skonk. Der waard gjin wapen oantroffen.
De Ljouwerter is wol oppakt foar mishanneling. De agint hat oanjefte dien tsjin de jonge.