Popikoan Kim Wilde is yn Ljouwert foar konsert

Kim Wilde is yn Fryslân. It Ingelske popikoan út de jierren 80 jout tiisdeitejûn in konsert yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Se sil eigen hits út de jierren 80 sjonge, mar ek covers fan oaren.
Wilde sjocht al skoften út nei har tour yn Nederlân. Se fynt it Nederlânske publyk simpelwei hartstikke leuk: "Oh yeah, we love the Dutchies! We've been looking forward to this tour for a long time", sa seit de sjongeres.
Tourmanager
Johan Koster fan Dokkum is de tourmananger fan Kim Wilde foar har konserten yn Nederlân. Mar wat hâldt syn wurk krekt yn? Koster docht ûnder oaren de tariedingen op de konserten, it kontakt oer de technyk yn de seal dêr't de konserten hâlden wurde en de hospitality.
Kapsoanes
It wurkjen mei Kim Wilde is neffens de tourmanager net dreech. Se hat gjin kapsoanes, fynt Koster: "It is in ûngelooflike nokkerkont. It hie absolút in Wâldpyk wêze kinnen. Seker witte!"
Blauwe M&M's
Gekke easken stelt Wilde ek net oan de plakken dêr't se optreedt. Wol hat se in list fan saken dy't yn de klaaikeamer stean moatte op de konsertlokaasje. Dat heart der neffens Koster gewoan by. "Sy is hartstikke normaal. Wat fleskes wyn, wat fris en 42 fleskes bier. En de blauwe M&M's. Dy moatte der ek wêze. It giet net om de blauwe M&M's sels, mar dat se wit dat de list mei har winsken lêzen is", seit Koster.
It konsert fan tiisdeitejûn yn Neushoorn is stiif útferkocht.