Loes Geurts en Sherida Spitse wer yn Oranje

Keepster Loes Geurts fan Hichtum en fuotbalster Sherida Spitse fan Snits binne selekteard foar it Nederlânsk frouljusalvetal. Bûnscoach Arjan van der Laan nimt 23 spilers mei nei twa oefenwedstriden dy't Oranje yn oktober spilet tsjin Skotlân en Olympysk kampioen Dútslân. Oranje wist fan de santjin eardere wedstriden tsjin Skotlân tolve te winnen. Nederlân spile trettjin kear tsjin Dútslân en ferlear njoggen kear.