Bosbergtoer biedt útsicht op Ljouwert, Grins en Coevorden

De Bosbergtoer by Appelskea biedt in wiid útsicht © www.ooststellingwerf.nl
Wat is de oerienkomst tusken Ljouwert, Grins en Coevorden? Dat is dat se alle trije by helder waar te sjen binne fanút de nije Bosbergtoer by Appelskea. De toer wurdt freed iepene en ferfangt de âlde toer.
Bysûnder is dat de toer op in iuwenâlde ikebeam stiet, dy't foar it grutste part ûnder it stosân ferstoppe sit. It stodún is 27 meter heech, de toer mjit 35 meter. Ein septimber waarden der noch fernielings oanrjochte by de toer, dy binne ferholpen en de toer kin no iepene wurde.