Beweechbere Prins Hendrikbrêge falt net by elkenien goed

De kolleezjepartijen yn de Ljouwerter gemeenteried tinke wakker ûngelyk oer it plan om de Prins Hendrikbrêge yn it sintrum fan de stêd beweechber te meitsjen. De Partij van de Arbeid en PAL/GrienLinks binne entûsjast oer it plan dat moandeitejûn presintearre waard. Kolleezjepartner CDA neamt it plan 'ûnrealistysk' fanwege de hege kosten fan 9 miljoen euro.
Troch de Prins Hendrikbrêge beweechber te meitsjen wolle PvdA en PAL/GrienLinks in alternative westeast-trochfarrûte troch de Ljouwerter binnenstêd realisearje.
Gefaarlike situaasjes
Neffens riedslid Klaas Zwart is sa'n alternative farrûte fan grut belang foar de rekreaasjefeart, want dy moat no noch mei de beropsfeart troch it Van Harinxmakanaal. Dat soarget dêr geregeld foar gefaarlike situaasjes. In nije eastwest-farferbining makket boppedat de ôfstân oer it wetter fan Grou en De Alde Feanen nei Ljouwert in stik koarter. It soe de súdlike binnenstêd neffens Zwart ek folle oantrekliker meitsje.
Konfoai
Zwart kin him dan ek goed yntinke dat der wol potsjes en oare partijen te finen binne dy't meibetelje wolle oan sa'n nije farferbining troch de stêd. Om de oerlêst fan in beweechbere Prins Hendrikbrêge foar it ferkear te beheinen soe der neffens Zwart safolle mooglik yn konfoai fearn wurde moatte.
Histoaryske misser rjochtsette
Neffens nestor Piet van der Wal fan PAL/GrienLinks wie it in 'histoarysk fersin' om ein jierren '60 op it plak fan in eardere beweechbere brêge in fêste brêge oan te lizzen. Ek Van der Wal wiist op it grutte belang fan in nije farrûte fan de rekreaasjefeart. It CDA fynt de plannen 'te djoer' foar de gemeente Ljouwert. "De gemeente Ljouwert hat op dit stuit wol oare prioriteiten", mient fraksjefoarsitter Friso Douwstra.
Gjin jild 
De gemeente Ljouwert hat yn it rinnende kolleezjeprogramma gjin jild reservearre foar in nije trochfarrûte.