Surfe mei in drone? Frysk bedriuw docht slagge test

It is wat nuver om te sjen, in surfer dy’t lutsen wurdt troch in drone, mar it kin. It bedriuw Custom Drone út Wâldsein en kitesurfskoalle Antix Sports fan Warkum hawwe snein op ‘e Iselmar in slagge test dien mei it dronesurfen. Neffens eigen sizzen binne se de earsten yn Europa.
Dronesurfing komt oerwaaien fanút Amearika. It liket op kitesurfen, mar dan mei in drone yn stee fan in draak. Troch filmkes op ynternet is de 20-jierrige Mark Woortmeijer fan Custom Drone op it idee kaam om it sels ek ris te besykjen.
Wynstil
It wie snein wynstil by Warkum en dat wie ideaal foar de test, seit Woortmeijer. By de test ha se in grutte drone brûkt dy’t 10 oant 15 kilo tille kin en in spesjale surfplank. Der kin oant wynkrêft 4 mei dizze drone surft wurden, wylst der foar kitesurfen just in hurdere wyn nedich is. It soe inoar moai oanfolje kinne, sa seit Woortmeijer. "Zondag zaten er kitesurfers op het strand, want ze konden het water niet op. Met een drone was dat wel mogelijk geweest." Neffens him binne de materiaalkosten foar beide fergelykber, rûnom de 5000 euro.
Kin better
De dronebouwer is tefreden oer de test, mar neffens him kinne de prestaasjes noch better. "Het zou mooi zijn om sterkere accu’s te hebben en een drone die autonomischer is. Dan kun je in de toekomst misschien ook solo dronesurfen." Op dit stuit binne der minstens trije minsken nedich. Twa op it strân, fan wa ien de drone bestjoert en de oar de omjouwing yn de gaten hâldt en fansels ien op de surfplank. Hy is ek tige wiis mei de gearwurking mei de Warkumer kitesurfskoalle. "Zonder hen was het nooit gelukt!"
Wurk en skoalle
De jonge Woortmeijer begûn hast trije jier lyn mei syn bedriuw yn drones. Gewoan fanút it âldershûs wei. Hy bout se op bestelling yn alle soarten en maten. Fierders sit hy yn it lêste jier fan syn oplieding Commercial Engineering oan it Friesland College. Syn drones wurde ek brûkt yn de lânbou, om bygelyks gewaaksen te scannen op syktes, en yn de befeiliging.