Welcome to the Village wint priis foar innovative evenemint

It muzykfestival Welcome to the Village hat op it Nationaal Congres Evenementen de priis binnenhelle foar innovative eveneminten. De saneamde Evenementen Innovatieprijs waard moandeitemiddei yn Utrecht útrikt. It Ljouwerter festival naam it yn de kompetysje op tsjin in sportfilmfestival út Rotterdam, en in dûnsevenemint yn Amsterdam.
"Het is fijn om een steuntje in de rug te krijgen", sei Koen Haringa fan Welcome to the Village tsjin Omrop Fryslân Radio yn reaksje op it nijs.