Wettertoerist tefreden oer Dokkum, mar wifi kin better

De wettertoerist is goed te sprekken oer Dokkum. Dat docht bliken út ûndersyk fan it programmabureau Súd Ie en Wetterfront Dokkum fan de gemeente Dongeradiel. De toeristen binne troch de gemeente ûnderfrege oer harren ûnderfinings mei de fasiliteiten yn de stêd. Dokkum docht it oer it algemien goed wat it skjinne sanitêr oanbelanget.
Havenmaster Gerke Jagersma kriget positive reaksjes. Benammen syn inisjatyf om hússmoargens op te heljen by de boaten falt goed. Wat better kin is de wifi en de wettertaappunten.
De gemeente hat al tasein om foar takom simmer nei de taappunten te sjen, en Kabel Noord wol yn novimber oan it wurk mei de wifi, sadat it wifi-netwurk in better berik kriget