Gemeente stekt miljoenen yn ferbetterings Dokkum

De Merk yn Dokkum © Google Street View
De gemeente Dongeradiel wol takom jier goed trije miljoen stekke yn in pear projekten dy't Dokkum better berikber meitsje moatte en mear op de kaart sette moatte. It giet dan ûnder oare om de werynrjochting fan de Merk, de oanpak fan it Hurddraverspark en om de oanlis fan jaachpaden by de Súderie del.
Dongeradiel hat takom jier wer romte om te ynvestearjen. Dêrtroch kin der ek in proef komme mei wyk- en doarpsbudzjetten. In wyk of in doarp kin dan sels kieze foar hokker ideeën se jild útlûke wolle.