Nijbouprojekt Houkepoort smyt al 1100 mooglike keapers op
Foar in hûs yn it projekt Houkepoort by Snits is in soad ynteresse. Oant no ta hawwe 1100 mooglike keapers harren melden fia de webside. Der binne sa'n 200 huzen beskikber yn it nijbouprojekt oan de eastkant fan de stêd.
It projekt hat jierrenlang stil lein, mar sûnt begjin dit jier wurkje de boubedriuwen Dijkstra-Draaisma, Friso Bougroep en VolkerWessels mei de gemeente oan in nije ynfolling. Hoe't de huzen der krekt út komme te sjen is noch net bekend. Op 29 oktober wurde de plannen bekend makke op in spesjale 'Woondag' yn Snits.