Brânwacht Wolvegea rukt út foar útslaande brân yn Paasloo

Yn in wenbuorkerij oan de Oosterpaasloërwei yn Paasloo, krekt oer de grins yn Oerisel, hat sneintejûn in grutte brân west. It fjoer ûntstie nei alle gedachten yn de skoarstien fan it reiden tek fan it gebou en waard al gau in útslaande brân.
Ferskate brânwachtkorpsen waarden oproppen, wêrûnder dy fan Wolvegea. Om't it dreech wie om yn Paasloo bluswetter te krijen, brûkte de brânwacht saneamde wetterweinen om foldwaande wetter by de brân te krijen. Se krigen de brân úteinlik mei muoite ûnder kontrôle.
Yn it gebou sit in bed & breakfast. It is noch net bekend oft der minsken oanwêzich wiene yn de wenbuorkerij wylst der brân wie.