Ynbraak yn sportkantine fuotbalklup HSC Lions '66
By de Ljouwerter fuotbalklup HSC Lions '66 is sneintemoarn betiid ynbrutsen. Ut de kantine oan it Kealledykje is ûnder oare in telefyzje stellen. Ek binne twa buskes iepenbrutsen dêr't ek guod út meinaam is. De plysje freget tsjûgen om har te melden.