VC Snits wint maklik yn earste kompetysjewedstriid
De follybalfroulju fan Snits hawwe har earste wedstriid fan it seizoen tsjin Taurus út Houten wûn mei 3-0. Nei in lykweardich begjin yn de Snitser Sporthal pakte VC Snits de earste set frij maklik mei 25-16. De twadde set ferrûn op in selde wize. Nei in 8-11 achterstân begûn it by de froulju fan coach Petra Groenland te rinnen en rûnen se gau út nei 25-20.
Yn de tredde set hie de regearjend kampioen in drege start. Mar ek no toanden de Snitsers fearkrêft. De tredde set waard mei 25-22 wûn.
De folgjende wedstriid fan VC Snits is 15 oktober tsjin Flynth Flamingo's Activia yn Gennep.