Fryske taal bliuwt belangrykste by FNP

It brûken fan de Fryske taal bliuwt it belangrykste, mar as de sitewaasje derom freget, moat it Nederlânsk ek kinne. Dat is ien fan de útkomsten fan de sletten gearkomste fan de FNP op sneon. Sa'n hûndert leden wiene yn kafee Duhoux yn Wurdum om te praten oer it diskusjestik 'Fan taalpartij nei aksjepartij foar Fryslân.'
Yn juny soarge it praatstik fan partijfoarsitter Ultsje Hosper, fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan 'e steatefraksje en deputearre Johannes Kramer foar kommoasje ûnder de leden. Net allinne it yn bysûndere gefallen brûken fan it Nederlânsk, mar ek it publisearjen fan it stik yn it FNP-blêd De Frijbûtser, sette by guon leden kwea bloed. Se hiene der yn 't foar earst oer prate wollen.
Op 25 novimber hat de FNP de earstfolgjende ledegearkomste. Dan stiet njonken de Fryske taal -en kultuer ek krimp, soarch, ekonomy en lânskip op de wurklist.