Motorriders belutsen by ûngelok by Boarnsweach

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
By Boarnsweach binne sneontemiddei twa persoanen ferwûne rekke by in ûngelok op de Houtvaartweg. In 52-jierrige motorrider en syn 17-jierrige byrider, beide wenjend yn Menameradiel, gienen yn in bocht ûnderút mei de motor. Se makken diel út fan in groep. De bestjoerder skeat troch nei de sleat en de passazjier kaam yn de berm telâne. Beide moasten mei ferskate ferwûningen nei it sikehûs.
In oare motorrider út de groep gie ek yn de bocht ûnderút. Hy koe nei kontrôle nei hûs. De plysje docht ûndersyk nei de ûngelokken.