Jonge beamkes ôfknapt op De Harkema

Jonge beammen ôfknapt op De Harkema © Atze Nicolai
Unbekenden hawwe yn de nacht fan freed op sneon fiif beammen yn de Bouwe Harkemastrjitte op 'e Harkema fernield. De noch jonge beamkes binne healwei de stam ôfbrutsen.
De beammen stiene der noch mar krekt. Se wiene der troch de gemeente delset nei in opknapbeurt fan de strjitte. Omwenners binne lilk op de fernielers.