Helpende pizzakoerier fan scooter bestellen

© ANP
In pizzakoerier is freedtejûn yn Ljouwert bestellen fan syn scooter. De man holp ien dy't mei pech stilstie yn de Wylgenstrjitte yn de wyk Heechterp. Ynienen seach er ien mei syn scooter fuortriden. De dieder waard wei yn de rjochting fan it Cambuurplein.
De dieder is in man fan sawat 20 jier mei ljocht, sljocht hier. De scooter is wyt en fan it merk AGM. Der sit in bak op fan Domino's Pizza. As de stikker derôf is, is de bak blau.