FIDEO: Mei de Volvoklup oer de Sintrale As
It earste ritsje oer de nije Sintrale As, dat kin mar ien kear en is dochs wol hiel bysûnder. De Volvoklup fan Fryslân hie freedtejûn dy ear, om as alderearste oer de nije dyk te riden. Om 19:00 oere waard de dyk iepene foar ferkear, mei de feestlike stoet Volvo's foarop. Foar de bestjoerders wie it in echt feestje.