Advokaat: ''Alderen moatte apart plak yn strafrjocht krije''

07 okt 2016 - 19:38
  • Advocaat Bart Canoy

Alderen soene in apart plak krije moatte yn it strafrjocht, dat bepleitet de Ljouwerter advokaat Bart Canoy yn it programma Weistra op wei op Omrop Fryslân Radio. Hy die syn útspraken yn it ramt fan de Nationale Ouderendag dy't freed lanlik wie. In grutte groep 'babyboomers' dy't no op âldere leeftiid komt, soe krekt as jongeren in eigen plak yn it strafrjocht krije moatte.

''It is nuver dat we wol rekken hâlde mei de ûntwikkeling fan de jonge minske, mar dat fysike en psychyske gebrekken op hegere leeftiid net beneamd wurde yn it wetboek", seit Canoy. Dêrom soe de wetjouwing oanpast wurde moatte sawol by de berjochting en ek by detinsje.

Oanpaste detinsjefoarmen

"Op hege leeftiid ha minsken mear help nedich, tink oan oanpaste meubels en thússoarch, der binne ek jeugdfinzenissen, wêrom dan gjin âldereinfinzenis'', freget de advokaat him ôf. Dêrom pleitet Canoy foar oanpaste detinsjefoarmen. Sa soe der in mooglikheid ta húsarrest mei elektroanysk tafersjoch komme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)