Deputearre Poepjes: Krityk fan FNV op ûndersyk net terjochte

De krityk fan it fakbûn FNV as it giet om de oanpak fan mooglike misstannen by de oanlis fan de Sintrale As, fynt deputearre Sietske Poepjes ûnterjochte. Freedtemiddei waard de dyk offisjeel iepene. Fakbûn FNV seit yn in brief dat feest net tapaslik is foar in grut tal zzp'ers dy't oan de dyk wurke ha. Se binne ûnderbetelle en dêr hat de provinsje te min oan dien, neffens it bûn
Net wier
Mar Sietske Poepjes seit dat dat perfoarst net wier is. Der is in ûndersyk dwaande en se wol de útkomsten dêrfan ôfwachtsje. As der wol ûnregelmjittichheden fûn wurde dan moatte dy rjochtsetten wurde, neffens de deputearre.
Gebietsûntwikkeling
Mei de oanlis fan de dyk is it ek noch net klear. It hiele projekt bestiet út meardere ûnderdielen. Foar it part fan de gebietsûntwikkeling is noch te min jild. Wethâlder Houkje Rijpstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel seit dat de gemeenten yn elts gefal noch by de provinsje oanklopje sille foar jild om de gebietsûntwikkeling fierder út te fieren.
Offisjele iepening
Freedtemiddei waard de dyk offisjeel iepene mei in optreden fan De Kast mei fiifhûndert bern. Op de ovonde by Quatrebras songen se in spesjaal liet oer de nije dyk. Dêrnei iepene deputearre Poepjes de dyk. Pas freedtejûn om 19:00 oere kin it ferkear de dyk op. Dat bart ek mei in feestlik ridende optocht.