Rekôromset fan 290 miljoen foar ierappelkoöperaasje HZPC

Ierappelkoöperaasje HZPC fan De Jouwer hat yn it seizoen 2015/2016 in rekôromset helle fan 290 miljoen euro. Dat is 50 miljoen euro mear as yn it seizoen derfoar. HZPC is wrâldlieder op it mêd fan it feredeljen fan ierappelrassen. Neffens it bedriuw wie der sprake fan in goed hannelsjier. It bedriuw hie in brutowinst fan 48 miljoen euro. In part fan de winst sil brûkt wurde foar ynvestearrings yn ûndersyk en in syktocht nei nije bûtenlânske merken foar de ierappelrassen fan HZPC.
De direksje ferwachtet dat de opbringst foar dit seizoen yn Nederlân minder wêze sil. HZPC hat trijehûndert minsken yn tsjinst yn mear as tsien lannen. It bedriuw is eigendom fan sa'n achthûndert ynternasjonale bouboeren en meiwurkers. It bedriuw set mei it ferbetterjen fan de ierappelrassen yn op duorsumheid.