Súdwest-Fryslân hoecht 2,5 miljoen euro net te besunigjen

De gemeente Súdwest-Fryslân skrast goed 2,5 miljoen oan besunigingen út de begrutting foar takommend jier. It giet ûnder oaren om jild dat net langer beskikber wêze soe foar kultuer. De besunigingen binne lykwols net mear nedich. Dat komt neffens wethâlder Maarten Offinga trochdat der mear jild kommen is út Den Haach en om't der net langer ôfskreaun wurde hoecht op it grûnbelied.
It ekstra jild soarget der foar dat der wer mear oandacht komt foar it ûnderhâld fan brêgen en foar de grienfoarsjenning. Benammen oer dat lêste waard de ôfrûne jierren in soad klage.
Ferrassing
De positive finansjele sifers komme foar de gemeente as in ferrassing. Foar de simmer like it der noch op dat de besunigingen wol nedich wêze soene. No kin der lykwols sels jild weromstoarten wurde yn de algemiene reserve.
It sparpotsje fan de gemeente kin de kommende fjouwer jier rekkenje op in flinke groei. Ek sil der oant 2020 jild stutsen wurde yn in saneamd ûntwikkelingsfûns fan rom 11 miljoen euro. Wêr't dat jild krekt nei ta giet, is noch net bepaald. Dêr wol de gemeente de kommende tiid mei de ried en mei de boargers oer prate.