Jouster bedriuw iepenet kantoar yn Maleizië

Mr Harmen Dekker, Manager by DMT, Mvr. Karin Mossenlechner, Nederlânske ambassadeur yn Maleizië, en menear Datuk J. Jayasiri, Ministry of Trade Industry Malaysia © DTM-ET
It bedriuw DMT Environmental Technology fan De Jouwer iepenet in kantoar yn Kuala Lumpur yn Maleizië. DMT hat in technyk ûntwikkele om fan biogas, grien gas te meitsjen. Yn Maleizië kin agrarysk ôffal brûkt wurde as grûnstof foar de brânstof. Dit kin dan op plantaazjes brûkt wurde foar trucks of boilers. It Jouster bedriuw leveret al hast 30 jier duorsume technology yn Europa, Azië en Amearika. Mei de iepening fan it nije kantoar yn Kuala Lumpur wol it de kapasiteit yn de Asiatyske regio fergrutsje.
"DMT-ET haar nieuwe kantoor in Maleisië zal onze capaciteiten in de Aziatische regio vergroten. Het nieuwe kantoor maakt het mogelijk om onze huidige activiteiten te stimuleren in de landbouw- en de waterzuivering sector. " sa seit Erwin Dirkse, CEO fan it bedriuw.