Thialf wurdt duorsumenstimpel

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Op it dak fan Thialf op It Hearrenfean wurdt moandei it earste sinnepaniel pleatst. Yn totaal komme op it stadion 5.000 panielen te lizzen. De reedrydtimpel krijt dêrmei it grutste sinnedak fan in sportstadion yn Nederlân. Deputearre Michiel Schrier en sportferslachjouwer Toine van Peperstraten sille it earste paniel derop lizze. Neffens de inisjatyfnimmers wurdt Thialf hjirmei net allinnich mar in reedrydtimpel, mar ek in sinnetimpel foar duorsumens.