Deade man Hearrenfean troch in ûngelok om it libben kaam

07 okt 2016 - 08:52

De ferstoarne man dy't tongersdeitejûn út it wetter by de Hearewâl op It Hearrenfean helle is, is troch in ûngelok om it libben kaam. Dat makke de plysje freed bekend. It giet om in 67-jierrige man fan It Hearrenfean. It lichem fan de man dreau tusken it pankoekskip en de Trambrêge. In spesjaal team fan de plysje hat it lichem út it wetter helle. Dêrnei is it oerbrocht nei it sikehûs foar neier ûndersyk. It docht no dus bliken dat it slachtoffer in needlottich ûngelok hân hat. It plysjeûndersyk is hjirmei klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)