Kollum: "Hulde oan de prutsers en griemers!"

07 okt 2016 - 08:30

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"Ben Feringa hat de Nobelpriis foar de gemy krigen. Woansdei waard bekend dat de heechlearaar út Grins de Nobelpriis krijt foar syn fynst fan de molekulêre motor. Hy dielt de priis mei in Brit en in Frânsman, en hy is der tige wiis mei.

Feringa: "Als wetenschapper droom je er natuurlijk wel eens van, van zo’n hoogste eer. Maar dit kwam wel als een echte verrassing. Dus toen ik het telefoontje vanmorgen kreeg uit Stockholm van de voorzitter van het Nobelcomité, toen was ik ook wel even echt stil."

In molekulêre motor. Se kinne in molekule draaie litte, ûnder ynfloed fan ljocht. In molekule is it lytste part datst noch 'wetter' of 'sâlt' neame kinst: as se noch lytser makke wurde, krijst nije stofkes. Se binne sa lyts, dat it it Amerikaanske Berkley úteinlik trije jier lyn pas deryn slagge is om der in foto fan te meitsjen.

Wettermolekulen binnen bygelyks sa’n 0,3 nanometer grut. Om it dy foar te stellen: as we in meter fan dyn buro in Ljouwert oprekke oant en mei myn buro yn Amsterdam, 150 kilometer fierderop, en we rekke it wettermolekule likefolle op, dan wurdt it sa dik as in minskehier is. Noch gjin 0,05 milimeter, op 150 kilometer.

Om dy ferrekte lytse kringen yn byld te hâlden, moasten se it saakje ôfkuolje nei 270 graden ûnder nul - ja goedkeap of simpel is sa’n foto net. As it waarmer is, dan springe nammentlik se alle kanten op. Mar dan noch snap ik der neat fan. Want ek it glês fan de mikroskoop bestiet ek út molekulen; je soene sizze dat dy hieltyd foar it plaatsje sitte…

En je moatte ek net tsjin de tafel stjitte fansels. Want dan ferspringt it byld, en fyn 'm dan mar ris wer. Molekulen. It bliuwt abstrakt, foar my as leek.

Ben Feringa kin se draaie litte. Hy neamt it in motor, mar in motor driuwt meastentiids wat oan: in auto, in waskmasine of in propeller. Mar fansels binne molekulêre motorkes sa lyts, datst der neat oan hast.

Of…

Feringa: "We hebben al een nano-windmolenpark gebouwd en we hebben al een four wheel drive nano-autootje gebouwd. Maar waar we aan zitten te denken bijvoorbeeld, is een nano-robotje die door je bloedvaten kruipt en dan bijvoorbeeld een kankercel opspoort of een geneesmiddel afgeeft. Dit is fundamenteel onderzoek he, dit heeft een lange adem."

Fûneminteel wittenskiplik ûndersyk, oftewol: wat ûndersykje wêrfan ast yn it foar net krekt wist wêr’t it goed foar is. Prutse, grieme, besykje… it is dreech te ferkeapjen oan jildsjitters. Europeeske lannen hawwe ôfpraat dat lidsteaten trije persint fan har bruto ynlânsk produkt besteegje oan ûndersyk. Nederlân komt op it stuit krekt oan de twa persint.

Mar it is sa wichtich. Hoe dogge wy as minskheid oars revolúsjonêre fynsten?

Feringa: "Maar wat ik wel van plan ben te gaan doen de komende jaren, is meer mij bezighouden met de maatschappij vertellen waarom fundamenteel onderzoek zo belangrijk is voor onze toekomst."

Ast Feringa sa praten hearst op de site fan de NOS, dan snapst wêrom as hy 'm krigen hat. Want de keunst is net om dyn ûndersyk sa te dwaan dat leken derfoar betelje wolle. Nee, de keunst is om it ûndersyk sa goed út te lizzen oan leken, dat se snappe wêrom it nedich is, en wêrom der jild hinne moat.

Dy 831.000 euro is by him in goeie hannen. Hulde oan Ben Feringa, en hulde oan de prutsers, griemers en dejingen dy't besykje!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)