Foto rugby-ynterlân út 1916 argyfstik fan it jier?
It Histoarysk Sintrum Ljouwert docht dit jier ek wer mei oan de wedstriid om 'it argyfstik fan it jier'. Se stjoere in foto yn fan in rugbywedstriid út de maitiid fan 1916, midden yn de Earste Wrâldoarloch.
De foto jildt as de âldste foto fan in rugby-ynterlân yn Nederlân. Hy is makke op de sportfjilden by de Wilhelminabaan yn Ljouwert. De wedstriid wurdt spile troch Ingelske en Skotske militêren dy't yn Grins legere wiene. Yn 2014 die it HCL ek mei en einige doe as fyfde.
De ferkiezing wurdt hâlden yn oktober, omdat dat de moanne fan de skiednis is.
By rugbyklup Greate Pier yn Ljouwert wurdt yn novimber in werinneringswedstriid spile tusken teams út Ingelân en Skotlân.