Ekstra ynspeksje brune float nei deadlik mêstûngelok

06 okt 2016 - 21:26
  • De ôfbrutsen mêst op de Amicitia soarge foar trije deaden

De Inspectie Leefomgeving en Transport sil de kommende seis wike skippen fan de brune float lykas de Amicitia ynspektearje. Dat meldt de Ljouwerter Krante. It giet om inkelde tsientallen skippen út deselde bouperioade dy't mei itselde materiaal boud binne.

De mêst fan de twamêster Amicitia bruts op 21 augustus ôf en foel nei ûnderen. Trije Dútske manlju kamen dêrby om it libben. Earder dizze wike die út Dútsk ûndersyk bliken dat it hout fan de mêst foar trijekwart ferrotte wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)