Galery Feankleaster yn heale finale 'galery fan it jier'

De galery sit yn Fogelsangh State yn Feankleaster © Galery Noordvleugel
Galerie Noordvleugel sit yn de heale finale fan de kompetysje 'galery fan it jier'. De galery sit yn it koetshús fan it histoaryske Fogelsangh State yn Feankleaster. Sûnt 2006 hawwe Jan en Mineke Bosma dêr in galery, mei byldzjende keunst út it Noard-Nederlân.
Noordvleugel is de iennige galery yn in doarp dy't de heale finale berikt hat. De oaren sitte allegearre yn grutte stêden lykas Amsterdam, Den Haag en Eindhoven. Op de webside fan Galerie van het jaar kin oant en mei 31 oktober stimd wurde.
Tsien finalisten bliuwe oer. Yn de keunstwike yn novimber wurdt bekend makke wa't úteinlik 'galery fan it jier' wurdt.