UPDATE: Deade persoan út wetter helle op It Hearrenfean

Yn it wetter by de Hearewâl op It Hearrenfean is tongersdeitejûn in lichem fûn. It lichem dreau tusken it pankoekskip en de Trambrêge. In spesjaal team fan de plysje hat it lichem út it wetter helle. Dêrnei is it oerbrocht nei it sikehús foar neier ûndersyk nei de identiteit en de deadsoarsaak.
It is ek noch net bekend oft it om in man of in frou giet. De earste yndruk is dat it nei alle gedachten net om in misdriuw giet. De plysje hopet dêr freed yn de rin fan de dei mear dúdlikens oer te jaan.