André Cats nije technysk direkteur swimbûn KNZB

André Cats by de huldiging fan de Paralympiërs, ferline moanne yn Den Haag © ANP
André Cats fan Drachten wurdt mei yngong fan 1 novimber technysk direkteur by it swimbûn KNZB. Hy folget Joop Alberda op, dy't krekt foar de Olympyske Spelen opstapte fanwege ferskil fan ynsjoch. Cats moat stjoering jaan oan it topsportbelied en de talint-ûntwikkeling.
De 48-jierrige Cats wurke earder ek al by it swimbûn. Yn 2008 giet er nei sportkoepel NOC*NSF, dêr't hy dit jier sjef de mission fan de paralympyske ploech wie.