Brân yn wenhûs mei reiden tek yn Noardburgum

06 okt 2016 - 18:18
  •  It reiden tek fan de frijsteande wente stiet yn de brân

In frijsteande wente oan De Zwette yn Noardburgum hat tongersdei oan it begjin fan de jûn grutte skea oprûn troch in brân yn it reiden tek. By de earste melding gie it om in skoarstienbrân, dy't letter oersloech nei it reiden tek.

De brânwachtkorpsen fan Burgum, Ljouwert en Gytsjerk hawwe de brân útmakke. Dêrby waard in part fan it dak fan binnenút en fan bûtenôf sloopt om by it fjoer komme te kinnen. It hús sels hat in soad reek- en wetterskea oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)