Grutte reüny Famkes fan Douwe Egberts

Mear as twahûndert froulju komme freed byelkoar yn Museum Joure foar in reüny. Yn de jierren '50, '60 en '70 hie Douwe Egberts hûnderten jonge fammen yn tsjinst foar bygelyks it ynpakken fan teepûdsjes en it ôfwagen fan tabak. De DE-fabryksfamkes waarden mei bussenfol út de wide omkriten fan it fabryk ophelle. Op de reüny wurde de ferhalen fan de famkes fan doe optekene.
Museum Joure hâldt oankom wykein de Douwe Egberts-dagen mei in tema-útstalling en aktiviteiten lykas priuwerij.