Opnij in min seizoen foar Fryske greidefûgels

06 okt 2016 - 16:18
  • Greidefûgels

It hat wer in min briedseizoen west foar de greidefûgels yn Fryslân. Dat seit it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) op grûn fan tellings dy't dien binne. De ljip en de strânljip binne achterút gien yn ferlyk mei ferline jier. De skries en de tsjirk binne sawat gelyk bleaun.

Benammen foar greidefûgelpiken wie it in min seizoen. Troch de wiete maitiid en de kjeld sneuvelen in soad jonge ljippen. De oare soarten hiene bot te lijen fan rôfbisten, te min fretten en yntensive lânbou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)