Cambuur wint mei 2-1 yn it stadion fan PEC Zwolle

© Omrop Fryslân
Cambuur hat tongersdeitemiddei de oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle mei 2-1 wûn. Yn de earste helte spile it spul him foar it grutste part op it middenfjild ôf, al hie Cambuur wol de bêste kânsen. Keeper Begois soarge der in oantal kearen mei knappe rêdings foar dat de Friezen net op foarsprong kamen. Ek yn de twadde helte wie der gjin sprake fan goed spul, oan beide kanten waarden tefolle flaters makke. Yn de 64e minút kaam Cambuur op foarsprong trochdat in skot fan Martijn Barto fia in foet fan in Zwolle-spiler achter keeper Begois bedarre.
Lang hie Cambuur gjin wille fan de foarsprong, want nei tsien minuten strafte Mastour in te koarte weromspylbal ôf en skoarde de lykmakker. Mar ek dy stân stie net lang op it skoareboerd, want in minút letter sette Hoefdraad Cambuur wer op foarsprong en bepaalde dêrmei de einstân op 2-1.