Unrêst oer keunstgers by fuotbalklups nimt ta

06 okt 2016 - 15:55

Der is ûnrêst by Fryske fuotbalklups nei de útstjoering fan Zembla fan woansdeitejûn, oer de risiko's fan keunstgersfjilden. Yn de rubberen kerrels dêr't de fjilden mei ynstruid wurde, sitte mooglik kankerferwekkende stoffen.

Ferskate grutte fuotbalklups, wêrûnder BCV yn Burgum, VV Drachtster Boys en SC Franeker, jouwe oan dat leden en âlden harren soargen meitsje. De bestjoeren krije tillefoantsjes, e-mails, en der wurdt oer skreaun yn groeps-apps. Guon âlden wolle de bern net iens mear fuotbalje litte op keunstgers.

Ferûntrêste telefoantsjes 

Foarsitter Gijs Lokhorst fan fuotbalferiening Drachtster Boys jout oan meardere reaksjes krigen te hawwen fan âlden dy't harren soargen meitsje. By jeugdferiening BBC yn Burgum, dêr't ôfrûne sneon de earste wedstriden op it keunstgersfjild spile binne, is dat ek it gefal. Foarsitter Cornelis Taekema: "Ik haw nei de útstjoering sechtsjin tillefoantsjes hân, en krij ek hjoed noch mailtsjes. Dêrby binne ek guon âlden dy't twifelje oft se harren bern noch wol fuotbalje litte wolle op keunstgers."

Soantsjes meie net mear fuotbalje op keunstgers

Heit en trainer Johan Rombout fan SC Franeker, hat al besletten dat syn soantsjes net mear fuotbalje meie op keunstgers. "Ik meitsje my hiel bot soargen oer de sûnens fan de bern. Ik hoopje dat troch dit beslút mear âlden myn foarbyld folgje." Rombout is ek trainer en alvetallieder by SC Franeker. "Mar ik wol no sels ek net mear op it fjild stean."

Twifels en fragen

By Blauw Wit '34 yn Ljouwert, en FVC yn Ljouwert binne der ek âlden dy't twifelje oft harren bern noch wol op keunstgers spylje moatte, of dy't it net mear hawwe wolle. By Zeerobben yn Harns, L.A.C. Frisia yn Ljouwert en VV Heerenveense Boys hawwe har noch gjin ferûntrêste minsken melden. "Mar wy hawwe moarntejûn ledefergadering, en dan ferwachtsje ik der wol fragen oer," seit jeugdfoarsitter Tom Boersma fan de Heerenveense Boys.

CDA Achtkarspelen stelt fragen oer keunstgers

De polityk bemuoit him no ek mei de mooglike risiko's fan keunstgers. De fraksje fan it CDA yn Achtkarspelen  wol witte hoe't it mei de keunstgersfjilden yn de gemeente sit. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders soe útsykje moatte oft der feilich op sporte wurde kin, fynt de CDA-fraksje. De partij hat dêr fragen oer steld

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)