Kolleezje wol finansjele stipe foar Museum Belvédère

Boargemaster en wethâlders fan Hearrenfean wolle takom jier 50.000 euro útlûke foar Museum Belvédère yn Oranjewâld. Dat stiet yn de begrutting dy't se opsteld hawwe en dêr't de gemeenteried ynkoarten oer praat.
It giet goed mei de finânsjen fan de gemeente. Dat komt ûnder oare trochdat it ryk mei mear jild oer de brêge komt. Sadwaande hoecht de OZB net omheech, sa't earder wol oankundige wie. Njonken stipe foar Museum Belvédère komt der ek alle jierren jild foar húshâldlike help.
Jild foar mantelsoargers
Fierder stekt de gemeente ekstra jild yn it foarkommen fan iensumens en it stypjen fan mantelsoargers en frijwilligers. De gemeenteried praat yn novimber oer de begrutting fan takom jier.