PvdA wol Track & Trace foar oanfragen fan Wmo en bystân

© Omrop Fryslân
Der soe in Track & Trace-systeem komme moatte foar allegear gemeentlike regelingen. Dat fynt de PvdA yn Ljouwert. Ast op ynternet wat bestelst, kinst dêrnei online sjen wêr't dyn boek of dvd of nije telefyzje bliuwt. Soks soe ek moatte ast fia de gemeente in scootmobyl oanfregest of wat oars regele hast, seit de PvdA. Dan kinst sels folgje op hokker ôfdieling dyn oanfraach leit. As it net avesearret, dan kinst sels mei de ôfdieling belje om te freegjen wat der oan de hân is.
Paspoart of fergunning
De partij wol it systeem as earste ynfiere foar de oanfraach fan helpmiddels en foar minima- en jeugdregelingen. As dat goed rint, soe it ek kinne mei bygelyks paspoarten of fergunningen.