Man ferwûne by fal fan steiger yn Drachten

De man rekke út de tiid en ek ferwûne troch syn fal © Sicco Riedstra
Yn Drachten is tongersdeitemiddei in man fan in steiger fallen en ferwûne rekke. It ûngelok barde op De Brekken. Hoe't it koe, is noch net dúdlik.
De man wie út de tiid nei syn fal. De traumahelikopter is oproppen, mar dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.