Gemeente wol mooglik fan De Heerenveense School ôf

© Google Streetview
De gemeente Hearrenfean wol De Heerenveense School mooglik ferkeapje. Der moat nochal wat ynvestearre wurde om it gebou by de tiid te bringen en geskikt te meitsjen foar de organisaasjes dy't der no ynsitte of hinne wolle. Op dit stuit sit it Museum Heerenveen dêryn en it keunst- en kultuersintrum Ateliers Majeur. Der binne ferskate partijen mei ideeën foar de Heerenveense School en dêr wol de gemeente mei prate. En dêrnei wurdt besjoen oft Hearrenfean eigener bliuwe wol fan it monumintale gebou.