FIDEO: De alderlêste puntsjes op de ... Sintrale As

06 okt 2016 - 14:55
  • Sintrale as, lêste tariedingen

It is noch efkes oanpoatsjen mei de lêste leadsjes op de Sintrale As. Freed wurdt de nije sneldyk tusken Dokkum en Nyegea offisjeel iepene, it hiele trajekt is dan klear foar gebrûk. Dizze lêste dagen binne de wurklju fan ferskillende oannimmers noch drok dwaande mei it egaal meitsjen fan berms, it ynsiedzjen fan gers en streken op 'e dyk setten. Op 'e kop ôf fjouwer jier is der wurke oan de As. Oan de ein fan dit jier giet it wurk fierder mei de nije rûnwei om Hurdegaryp. Tongersdei yn Hea! de âlderlêste 'puntsjes op de i'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)