Ynleverdei foar guod út Twadde Wrâldoarloch

06 okt 2016 - 13:54
  • It Fries Museum

Hawwe jo op 'e souder tafallich noch âlde foto's, brieven of films út de Twadde Wrâldoarloch? Smyt it spul dan net wei, mar kom oare wike sneon nei Ljouwert foar de spesjale ynleverdei yn it Frysk Museum. Mei dy oprop komme ferskate Fryske organisaasjes, lykas it Frysk Fersetsmuseum, Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Yn 'e hal fan it museum sitte fiif oarlochssaakkundigen, dy't it materiaal sammelje. Ek fertelle se de besikers oer de eftergrûn fan 'e objekten. Mei de ynleverdei hoopje de belutsen organisaasjes bysûnder materiaal feilich te stellen foar de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)