Partikulieren kinne har oanslute by natoerbehearkollektyf

Natuer © NFW
De feriening Noardlike Fryske Wâlden (NFW) rjochtet in partikulier natoerbehearkollektyf op. Partikulieren koenen altyd sels subsydzjes oanfreegje by de provinsje, mar yn 2017 feroaret dy regeljouwing. Allininch kollektiven dy't mear as 75 hektare grûn yn besit hawwe kinne dan noch stipe oanfreegje. De NFW hat al in agrarysk natoerkollektyf en hopet mei in partikulier kollektyf in goeie útwreiding oan har leden te bieden. It partikulier natoerkollektyf sil opset wurde yn gearwurking mei Stichting Particulier Natuurbeheer.